Fakatuere: Skoalstiper Frysk / ûnderwiiscoach Frysk
Hasto romme ûnderfining yn it ûnderwiis en fynsto it moai om skoallen fierder te helpen sûnder sels foar de klasse te stean?
Dit is in funksje foar immen dy’t ûnderwiis begrypt, minsken oanfielt en it Frysk op in natuerlike, praktyske en noflike manier fierder bringe wol.
Yn it koart

Skoalstiper Frysk / ûnderwiiscoach Frysk

It tal oeren is yn oerlis

Thús en op paad nei skoallen

Skoallen yn Fryslân
Goed om te witten
Do wurkest selsstannich fanút hûs en giest op paad nei skoallen.
Do wurdst ynwurke en stiest yn kontakt mei de oare skoalstipers fan Semko.
Perfekte Fryske stavering is net nedich; goed kontakt meitsje yn it Frysk wol.
Ek asto mei pensjoen bist, nûgje wy dy fan herte út om te reagearjen.
Fakatuere: Skoalstiper Frysk / ûnderwiiscoach Frysk
It tal oeren is yn oerlis
Semko – Fryslân
Hasto romme ûnderfining yn it ûnderwiis en fynsto it moai om skoallen fierder te helpen sûnder sels foar de klasse te stean?
Foar Taalplan Frysk 2030 sykje wy in Skoalstiper Frysk. Net ien dy’t komt te fertellen hoe’t it moat, mar foaral ien dy’t goed harkje kin, ferbining makket en skoallen helpt om stappen te setten dy’t echt by harren passe.
It Frysk fertsjinnet in stevig plak yn it ûnderwiis. Net as eat dat “der noch by” moat, mar as taal dy’t libbet yn de skoalle, yn de klasse en yn de omjouwing fan bern. As skoalstiper helpsto skoallen om dêr op harren eigen manier mei oan ’e slach te gean.
Wat giesto dwaan?
As skoalstiper bist it fêste oansprekpunt foar in tal skoallen yn Fryslân. Do besikest skoallen, hast petearen mei direkteuren, learkrêften en taalkoördinatoaren en harkest goed nei wat der al is, wat der libbet en wêr’t kânsen lizze.
Do slútst oan by de ûntwikkeling fan de skoalle. Fan dêrút tinkst mei oer passende stappen foar Frysk yn it ûnderwiis. Soms giet dat oer materialen, soms oer lessen, soms oer fisy, soms oer it nije kurrikulum en soms foaral oer entûsjasme en fertrouwen.
Do helpst skoallen om it Frysk net yngewikkelder te meitsjen as nedich is. Do makkest it praktysk, helber en leuk.
Dyn wurksumheden besteane ûnder oare út:
- skoallen besykje troch hiel Fryslân
- harkje nei de fragen en winsken fan de skoalle
- oanslute by wêr’t de skoalle al mei dwaande is
- passende materialen, tsjinsten en mooglikheden keppelje
- meitinke oer Frysk binnen it nije kurrikulum
- teams entûsjasmearje en ferbine
- ôfspraken en ûntwikkelingen fêstlizze yn in lochboek
- kontakt hâlde oer de fuortgong
- skoallen stap foar stap yn beweging bringe
Do hoechst net alles al te witten. Do wurdst ynwurke, ferdjippest dy yn de teory en wurkwize dy’t heart by Taalplan Frysk 2030 en learst de tsjinsten, produkten en materialen kennen. Dêrnei giest selsstannich op paad nei skoallen.
Hoe wurkest?
Do wurkest fanút hûs en giest dêrwei op paad nei skoallen yn Fryslân. It tal oeren stimme wy tegearre ôf. Dêrby sjogge wy nei wat past by dy, by de skoallen en by de opdracht binnen Taalplan Frysk 2030.
It is in funksje wêryn’tst selsstannich operearrest. Do dielst dyn eigen wurk yn, plannest ôfspraken mei skoallen en hâldst kontakt oer de fuortgong. Tagelyk stiest der net allinnich foar. Do stiest yn ferbining mei de oare skoalstipers fan Semko, sadatst oerlizze kinst, ûnderfiningen diele kinst en tegearre leare kinst.
Do krigest yn oerlis in passend tal skoallen dêr’tsto it fêste oansprekpunt foar bist. Wy sjogge dêrby nei dyn oeren, ûnderfining, regio en wat helber is yn de praktyk.
Wa sykje wy?
Wy sykje ien mei kennis fan it ûnderwiis. Ien dy’t begrypt hoe’t skoallen wurkje en hoe wichtich it is om oan te sluten by de praktyk fan learkrêften en teams.
Do hoechst gjin hurde taalkundige te wêzen. Kennis kinst opbouwe. Wat foar ús wichtiger is, is datst goed kontakt meitsje kinst, harkje kinst en minsken op in noflike manier yn beweging krijst.
Wy sykje by foarkar ien mei romme ûnderwiisûnderfining. Ien dy’t net alles mear hoecht te ûntdekken, mar út ûnderfining, rêst en minskennis wei oanslute kin by skoallen. Ek asto mei pensjoen bist en graach belutsen bliuwe wolst by ûnderwiis, taal en ûntwikkeling, nûgje wy dy fan herte út om te reagearjen. Krekt dyn ûnderfining kin yn dizze funksje fan grutte wearde wêze. It tal oeren en de praktyske ynfolling stimme wy tegearre ôf.
Do praatst goed Frysk en fielst dy noflik genôch om petearen mei skoallen yn it Frysk te fieren. Perfekte stavering is net it útgongspunt; goed kontakt meitsje kinne yn it Frysk wol.
Wy sykje ien dy’t:
- waarm kontakt makket
- goed harkje kin
- humor en relativearringsfermogen hat
- net belerend is
- kennis hat fan it ûnderwiis
- goed Frysk praat
- selsstannich wurkje kin
- skoallen entûsjasmearje kin
- praktysk tinkt
- nocht hat oan taal, ûnderwiis en ûntwikkeling
Coachende feardichheden binne wichtich yn dizze funksje. Do moatst oanfüle kinne wat in skoalle nedich hat, wannear’tst meitinke moatst, wannear’tst trochfreegje moatst en wannear’tst krekt efkes meibewege moatst.
Oer Semko
Do komst yn tsjinst by Semko. Wy binne in enerzjike organisaasje dy’t op allerhanne manieren aktyf is yn it ûnderwiis. Wy wurkje mei Werelddocenten, beheare ynfalpools, organisearje workshops, meitsje ûnderwiismaterialen en binne belutsen by Taalplan Frysk 2030.
By ús komme ûnderwiis, materialen, taal en wille byinoar. Wy hâlde fan oanpakken, meitinken en dingen meitsje dy’t skoallen echt fierder helpe.
Wat makket dizze funksje bysûnder?
Dit is gjin standertbaan.
Do wurkest oan taal, identiteit en takomst. Watsto dochst, hat ynfloed op hoe’t bern it Frysk belibje, brûke en meinimme yn harren ûntwikkeling.
Do wurkest net fanút in fêste kontrôlelist, mar fanút kontakt, fertrouwen en maatwurk. Elke skoalle is oars. Krekt dêrom is it wichtich datst goed harkest, rêstich meitinke kinst en tegearre mei de skoalle sikest nei helbere stappen.
Do helpst skoallen net mei grutte wurden, mar mei lytse, helbere stappen. Troch goed te harkjen, kânsen te sjen en minsken mei wille mei te nimmen.
Wat biede wy?
- in funksje mei betsjutting
- wurk dat der ta docht
- in soad frijheid en fertrouwen
- selsstannich wurkje fanút hûs
- op paad nei skoallen yn Fryslân
- kontakt en ôfstimming mei de oare skoalstipers fan Semko
- in goede ynwurkperioade
- romte om dyn wurk fleksibel yn te dielen
- in tsjinstferbân by Semko
- it tal oeren is yn oerlis
- romte om de oeren passend te ferdielen
Salaris en start
Salaris
It salaris leit tusken €2.800 en €3.500 bruto yn ’e moanne op basis fan fulltime, ôfhinklik fan kennis en ûnderfining.
Start
De start is yn oerlis, by foarkar nei de simmerfakânsje.
Sollisitearje
Wolsto reagearje? Stjoer dan dyn cv mei in koarte motivaasje nei [email protected].
Wy binne foaral benijd wa’tsto bist, watsto meibringst en wêrom’t dizze funksje by dy past.
Hasto fragen? Do kinst maile of belje mei Meindert Tjerkstra fia 06-29234861.
Twifelst oftsto folslein past?
Reagearje gewoan. Wy sjogge leaver nei motivaasje, ûnderwiisûnderfining, persoanlikheid en potinsje as nei in perfekt cv.
Nederlandse versie van de vacature
Vacature: Skoalstiper Frysk / onderwijscoach Frysk
Aantal uren in overleg
Semko – Friesland
Heb jij ruime ervaring in het onderwijs en vind je het mooi om scholen verder te helpen zonder zelf voor de klas te hoeven staan?
Voor Taalplan Frysk 2030 zoeken wij een Skoalstiper Frysk. Niet iemand die komt vertellen hoe het moet, maar vooral iemand die goed kan luisteren, verbinding maakt en scholen helpt om stappen te zetten die echt bij hen passen.
Het Frysk verdient een stevige plek in het onderwijs. Niet als iets wat “erbij” moet, maar als taal die leeft in de school, in de klas en in de omgeving van kinderen. Als skoalstiper help jij scholen om daar op hun eigen manier mee aan de slag te gaan.
Wat ga je doen?
Als skoalstiper ben jij het vaste aanspreekpunt voor een aantal scholen in Friesland. Je bezoekt scholen, voert gesprekken met directeuren, leerkrachten en taalcoördinatoren en luistert goed naar wat er al is, wat er leeft en waar kansen liggen.
Je sluit aan bij de ontwikkeling van de school. Vanuit daar denk je mee over passende stappen rondom Frysk in het onderwijs. Soms gaat dat over materialen, soms over lessen, soms over visie, soms over het nieuwe curriculum en soms vooral over enthousiasme en vertrouwen.
Je helpt scholen om Frysk niet ingewikkelder te maken dan nodig is. Je maakt het praktisch, haalbaar en leuk.
Je werkzaamheden bestaan onder andere uit:
- scholen bezoeken door heel Friesland
- luisteren naar de vragen en wensen van de school
- aansluiten bij waar de school al mee bezig is
- passende materialen, diensten en mogelijkheden koppelen
- meedenken over Frysk binnen het nieuwe curriculum
- teams enthousiasmeren en verbinden
- afspraken en ontwikkelingen vastleggen in een logboek
- contact houden over de voortgang
- scholen stap voor stap in beweging brengen
Je hoeft niet alles al te weten. Je wordt ingewerkt, verdiept je in de theorie en werkwijze die hoort bij Taalplan Frysk 2030 en leert de diensten, producten en materialen kennen. Daarna ga je zelfstandig op pad naar scholen.
Hoe werk je?
Je werkt vanuit huis en gaat van daaruit op pad naar scholen in Friesland. Het aantal uren stemmen we samen af. Daarbij kijken we naar wat past bij jou, bij de scholen en bij de opdracht binnen Taalplan Frysk 2030.
Het is een functie waarin je zelfstandig opereert. Je deelt je eigen werk in, plant afspraken met scholen en houdt contact over de voortgang. Tegelijk sta je niet alleen. Je staat in verbinding met de andere skoalstipers van Semko, zodat je kunt overleggen, ervaringen kunt delen en samen kunt blijven leren.
Je krijgt in overleg een passend aantal scholen waarvoor jij het vaste aanspreekpunt bent. We kijken daarbij naar jouw uren, ervaring, regio en wat haalbaar is in de praktijk.
Wie zoeken wij?
Wij zoeken iemand met kennis van het onderwijs. Iemand die begrijpt hoe scholen werken en hoe belangrijk het is om aan te sluiten bij de praktijk van leerkrachten en teams.
Je hoeft geen harde taalkundige te zijn. Kennis kun je opbouwen. Wat voor ons belangrijker is, is dat je goed contact kunt maken, kunt luisteren en mensen op een prettige manier in beweging krijgt.
We zoeken bij voorkeur iemand met ruime onderwijservaring. Iemand die niet meer alles hoeft te ontdekken, maar vanuit ervaring, rust en mensenkennis kan aansluiten bij scholen. Ook als je met pensioen bent en graag betrokken wilt blijven bij onderwijs, taal en ontwikkeling, nodigen we je van harte uit om te reageren. Juist jouw ervaring kan in deze functie van grote waarde zijn. Het aantal uren en de praktische invulling stemmen we samen af.
Je spreekt goed Frysk en voelt je prettig genoeg om gesprekken met scholen in het Frysk te voeren. Perfecte spelling is niet het uitgangspunt; goed contact kunnen maken in het Frysk wel.
We zoeken iemand die:
- warm contact maakt
- goed kan luisteren
- humor en relativeringsvermogen heeft
- niet belerend is
- kennis heeft van het onderwijs
- goed Frysk spreekt
- zelfstandig kan werken
- scholen kan enthousiasmeren
- praktisch denkt
- plezier heeft in taal, onderwijs en ontwikkeling
Coachende vaardigheden zijn belangrijk in deze functie. Je moet kunnen aanvoelen wat een school nodig heeft, wanneer je moet meedenken, wanneer je moet doorvragen en wanneer je juist even moet meebewegen.
Herken je jezelf hierin? Dan is het de moeite waard om te reageren, ook als je nog twijfelt of je volledig in het profiel past.
Over Semko
Je komt in dienst bij Semko. Wij zijn een energieke organisatie die op allerlei manieren actief is in het onderwijs. We werken met Werelddocenten, beheren invalpools, organiseren workshops, maken onderwijsmaterialen en zijn betrokken bij Taalplan Frysk 2030.
Bij ons komen onderwijs, materialen, taal en plezier samen. We houden van aanpakken, meedenken en dingen maken die scholen echt verder helpen.
Wat maakt deze functie bijzonder?
Dit is geen standaard baan.
Je werkt aan taal, identiteit en toekomst. Wat jij doet, heeft invloed op hoe kinderen het Frysk beleven, gebruiken en meenemen in hun ontwikkeling.
Je werkt niet vanuit een vaste controlelijst, maar vanuit contact, vertrouwen en maatwerk. Iedere school is anders. Juist daarom is het belangrijk dat je goed luistert, rustig kunt meedenken en samen met de school zoekt naar haalbare stappen.
Je helpt scholen niet met grote woorden, maar met kleine, haalbare stappen. Door goed te luisteren, kansen te zien en mensen met plezier mee te nemen.
Wat bieden wij?
- een functie met betekenis
- werk dat ertoe doet
- veel vrijheid en vertrouwen
- zelfstandig werken vanuit huis
- op pad naar scholen in Friesland
- contact en afstemming met de andere skoalstipers van Semko
- een goede inwerkperiode
- ruimte om je werk flexibel in te delen
- een dienstverband bij Semko
- aantal uren in overleg
- ruimte om de uren passend te verdelen
Salaris en start
Salaris
Het salaris ligt tussen €2.800 en €3.500 bruto per maand op basis van fulltime, afhankelijk van kennis en ervaring.
Start
De start is in overleg, bij voorkeur na de zomervakantie.
Solliciteren
Wil je reageren? Stuur dan je cv met een korte motivatie naar [email protected].
We zijn vooral benieuwd wie jij bent, wat je meebrengt en waarom deze functie bij je past.
Heb je vragen? Je kunt mailen of bellen met Meindert Tjerkstra via 06-29234861.
Twijfel je of je volledig past?
Reageer gewoon. We kijken liever naar motivatie, onderwijservaring, persoonlijkheid en potentie dan naar een perfect cv.