Semko docht mei oan Taalplan Frysk en dêr binne wy grutsk op. Dat dogge wy net allinnich. Njonken Semko binne der mear organisaasjes dy’t mei hert en siel krewearje foar it wolslagjen fan dit taalplan. Dat binne de Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en de Underwiisynspeksje.
It Taalplan Frysk is opset troch de provinsje mei it doel om it Frysk yn it ûnderwiis it plak te jaan dat it fertsjinnet. Ferskate organisaasjes hawwe de krêften bondele en in plan opsteld.
Alle basisskoallen en skoallen foar fuortset ûnderwiis sille tenei út en troch besocht wurde troch in ‘skoalbesiker’. De skoallen hawwe in fragelist opstjoerd krigen oangeande de stân fan saken wat it fak Frysk op harren skoalle oanbelanget. It is de taak fan de skoalbesiker om mei de learkrêften de antwurden dy’t hja jûn hawwe, te besprekken. Dêrút sil in profylskets makke wurde mei gebrûk fan in lettersysteem fan A nei E. A stiet foar ‘in foldwaand oanbod Frysk’ en E foar ‘romte foar ferbettering’.
De skoalbesiker sil selskip hawwe fan in ‘skoalstiper’. Dy lêste sil de skoalle yn de kommende jierren skewiele by it ferbetterjen fan it oanbod. Hy of hja tinkt mei en jout advys. Trochdat de skoalstiper in pear kear yn it jier in besite bringe sil oan de skoalle, bliuwt it omtinken foar it Frysk bestean.
It doel fan it taalplan Frysk is, dat elke skoalle yn Fryslân skielk profyl A behelle hat. Dat betsjut dat it fak Frysk op in goed nivo oanbean wurdt, dat ta stân komt troch begelieding en skoalling. De trochgeande line wurdt fersterke en sadwaande ynvestearje wy yn de taal dêr’t wy wiis mei binne.
Wolsto mear witte oer it taalplan Frysk? Meist altyd maile nei info@semko.nl. Wy hawwe it der graach oer mei dy.
De skoalstipers fan Semko
Hjirûnder filmkes dy’t it perspektyf op meartaligheid feroarje. Filmkes om te sjen mei in team of mei âlders. It hâlden en dragen sil hjirtroch feroarje.