Beschrijving
Fryske deiritmekaarten
(spesifyk geskikt foar IKC’s, omdat se sawol foar pjutte-opfang as basisûnderwiis brûkber binne)
Bisto in entûsjaste learkrêft dy ’t Fryske les jout? Dan pasje dizze Fryske deiritmekaarten by dy!
Semko hat dizze deiritmekaarten untwikkele. De deiritmekaarten drage by oan in strukturearre en foarsisbere omjouwing yn de basisskoalle, wat de learûnderfining fan bern ferbetteret en helpt by it befoarderjen fan selsstannichheid, konsintraasje en rêst yn ‘e klasse.
Ynhâld deiritmekaarten
- Dizze download bestiet út 51 deiritmekaarten
- fakken
- rituelen
- aktiviteiten
- dagen fan ‘e wike
Hjirby alle kaarten: rekkenje, skoft, bûten boartsje, fruit ite, taal, rûnte, foarlêze, opromje, bôle ite, nei skoalle, boartsje, nei it hûske, hannen waskje, nifelje, sliepe, nei hûs, skriuwe, tekenje, natuer, jierdei, muzyk, feest, gymnastyk, ferkear, ferrassing, Ingelsk, Frysk, eigen taken, wurdskat, automatisearje, kompjûter, drama, toets, wikesluting, film, taakjes, hûshoeke, bouwhoeke, fâldzje, traktaasje, skoaltelevyzje, spultsjes, libbensskôging, kanjertraining,
Moandei, tiisdei, woansdei, tongersdei, freed, sneon, snein.
Nei it oanskaffen kinne jo it PDF downloade. Print it dokumint en gean lyk oan de slach!
Wêrom de Fryske deiritmekaarten brûke?
Struktuer en Foarsisberheid
Deiritmekaarten biede struktuer en foarsisberheid foar learlingen. Se litte bern sjen wat der oer de dei barre sil en helpe harren om har better ta te rieden op aktiviteiten en oergongen tusken aktiviteiten.
Rûtinefoarming
Se helpe by it ûntwikkeljen fan rûtines. Troch alle dagen deselde fisuele rûtine te folgjen, kinne bern leare wat der fan harren ferwachte wurdt en krije se in gefoel fan kontrôle oer harren dei.
Oergongen
Deiritmekaarten soargje foar maklikere en soepele oergongen tusken aktiviteiten. Se soargje derfoar dat learlingen witte wannear ‘t de iene aktiviteit einiget en de folgjende begjint, wat helpe kin by it ferminderjen fan stress en ûnrêst by oergongstiden.
Selsstannigens befoarderje
Se moedigje selsstannigens oan. Learlingen kinne sels de kaarten rieplachtsje om te sjen wat der as folgjende komt, wat harren helpt om ferantwurdlikheid te nimmen foar harren eigen tiidsbehear.
Visuele stipe
Deiritmekaarten biede fisuele stipe, wat benammen nuttich wêze kin foar learlingen dy ‘t muoite hawwe mei taal, lêzen of it begripen fan sprutsen ynstruksjes.
Spesjaal ferlet
Se binne nuttich foar learlingen mei spesjaal ferlet, lykas autisme of ADHD, omdat se dúdlike en foarsisbere fisuele oanwizingen biede dy ‘t de learlingen helpe kinne by it begripen en folgjen fan de deistige rûtines.
Effisjint klasbehear
Learkrêften kinne deiritmekaarten brûke om it klasbehear te ferbetterjen. Se helpe by it organisearjen fan aktiviteiten en it ferminderjen fan betizing yn de klasse.
Kommunikaasje mei âlden
Deiritmekaarten kinne ek brûkt wurde om âlden te ynformearjen oer wat der yn de klasse bart. Dat kin âlden helpe om belutsen te bliuwen by it ûnderwiisproses fan harren bern.
Beoordelingen
Er zijn nog geen beoordelingen.