Beschrijving
Ik-sjoernaal
It Ik-sjoernaal bestiet út fiif fleurige wurkblêden, dy’tst yn set digitaal downloade kinst.
Wannear brûkst it Ik-sjoernaal foar dyn learlingen?
° Doelen stelle
° Bernpetearen
° Oanfolling op it rapport
° Oanfolling op it portfolio
° Alderpetearen
Tema’s
° Mindset
° Rekkenjen
° Lêzen
° Rapport (skoalfakken)
° Wurkhâlding
Hoe follest it Ik-sjoernaal yn?
Elke ‘taartpunt’ is ûnderferdield yn 10 fekjes. Elk nûmer hat in wearde: 1 (hiel min) o/m 10 (tige goed). De wearde 1 is yn de binnenste sirkel en nûmer 10 stiet oan de bûtenrâne. As alle ‘taartpunten’ ynkleure binne, ûntstiet der in soarte fan web, dêr’tst yn ien eachopslach op sjochst yn hokfoar kategory heger skoard is yn de ôfrûne tiid. Dat jout skoandere ynformaasje om fierder yn petear te gean mei dyn learling.
Tip: Folje dit yn oan it begjin fan it skoaljier en by einsluten oan de ein fan it skoaljier. Wat is der feroare?
Beoordelingen
Er zijn nog geen beoordelingen.