Frysk

In training foar in skoalteam: Frysk op de basisskoalle

Yn Fryslân ha wy de rykdom dat wy twatalich binne. Op alle skoallen is oantinken foar it Frysk. Op de iene skoalle mear as op de oare skoalle. As jo wat wolle mei it Frysk dan is der hiel wat foarhannen. Op skoalle is der in metoade foar it Frysk. Mar wat as jo mear wolle mei de Fryske taal en kultuer?

Yn dy teamtraining gean we oan de slach om in fyzje te krijen op it learen fan in taal. In wichtich punt dêrby is dat jo taal net allinich oanleare troch it ynfoljen fan oefeningen. Wolle jo in taal leare dan is it fan belang dat it betsjutting hat wat jo leare. Mei dy útdaging gean wy oan de slach.

Wat biede wy oan

Dizze training is praktysk mei in stikje teory. Hoe kinne jo Frysk op in aardige manier oanbiede mei in trochgeande line yn de skoalle. Jo leare hoe’t jo it Frysk oanbiede kinne bûten de metoade spoar 8 om. Dy metoade wurdt alle wiken mei in protte wille brûkt mar wat is der noch mear?

Wy sille it hawwe oer flitskaarten om de wurdskat te fergrutsjen, oer sjongen om sa in taal te learen, oer teksten dy’t wy yn it Frysk skriuwe, wat foar boeken kinnen wy brûke ensafuorthinne.  

Foar skoallen:

  • dy’t as doel ha dat bern oan de ein fan de basiskoalle Frysk skriuwe, lêze en prate kinne.
  • dy’t kreatief oan de slach wolle mei it Frysk.

Konkreet:

Dy training Frysk op de basisskoalle bestiet út  twa gearkomsten. Yn dy twa gearkomsten sille praktyske helpmiddels jûn wurde om Frysk te jaan. As team kinne jo ofspraken meitsje.

Beide gearkomsten stean yn it teken fan ‘e praktyk en ôfwikselje mei in stikje teory.

Eltse gearkomsten sille ûngefear oardel oere duorje.

Dosint:

Meindert Tjerkstra, hat learkrêft, yntern begelieder en direkteur fan in basisskoalle west. Hy is no taalspesjalist by ûnderwiisburo Semko.

Ik soe graach mear ynformaasje krije wolle oer de teamtraining Frysk


Deze teamscholing staat geregistreerd in het lerarenportfolio. De punten die bij deze scholing horen worden bijgeschreven wanneer de leerkrachten de scholing hebben doorlopen. Het registratienummer kan worden doorgegeven via de mail naar info@semko.nl


CRKBO logo