Beschrijving

Dit is in mindset-wurkboek. In mindset is in wize fan tinken of in mentale hâlding dy’t immen oannimt. Proffesosr Carol Dweck hat mindset yntrodusearre. In mindset kin positive of negative ynfloeden hawwe op it wolslagjen of mislearjen fan wat men berikke wol. Dit boek wurket mei twa begripen: de fêste mindset en de groei-mindset. Gauris is de fêste mindset: ik haw it probearre, mar it slagget my net, ik jou it oer. De groei-mindset moat in feroaring fan tinken bewurkje: ik kin it wól, ik set troch, ik sil leare fan myn flaters. Dit boek wol de bern bybringe, hoe’t hja frustraasjes oerwinne kinne troch posityf te tinken. Fan it meitsjen fan flaters kinst in protte leare.

Dit wurkboek befettet 32 siden mei wurkblêden, dêr’t de bern selsstannich of yn groepsferbân mei oan ’e slach kinne. In soad blêden jouwe oanlieding ta in ûnderling petear en útwikseling fan eigen ûnderfiningen, tsjinslaggen en oerwinningen. Yn ’e hantlieding (yn it Hollânsk) steane gâns opdrachten en tips. Hy is fergees te downloaden. It wurkboek is fan stevich en kwalitatyf goed papier, dêr’t de bern maklik en dúdlik op skriuwe en tekenje kinne. Dit wurkboek is gaadlik fan groep 5 ôf. Heiten en memmen dy’t thús mei Mindset teset gean wolle, kinne it wurkboek en de hantlieding ek brûke.

Jo kinne ek in ien of mear eksimplaar bestelle. (Klik hjirre om 1 te besetten)

Dit produkt heart by taalplan Frysk 2030.

Klik hjir foar al us Fryske produkten.

Beoordelingen

Er zijn nog geen beoordelingen.

Wees de eerste om “Mindset wurkboek (set fan fiif)” te beoordelen

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Mindset wurkboek (set fan fiif)

Dit wurkboek befettet 32 siden mei wurkblêden, dêr’t de bern selsstannich of yn groepsferbân mei oan ’e slach kinne. In soad blêden jouwe oanlieding ta in ûnderling petear en útwikseling fan eigen ûnderfiningen, tsjinslaggen en oerwinningen. Yn ’e hantlieding steane gâns opdrachten en tips. Hy is fergees te downloaden. It wurkboek is fan stevich en kwalitatyf goed papier, dêr’t de bern maklik en dúdlik op skriuwe en tekenje kinne. Dit wurkboek is gaadlik fan groep 5 ôf. Heiten en memmen dy’t thús mei Mindset teset gean wolle, kinne it wurkboek en de hantlieding ek brûke.

Jo kinne ek in 1 eksimplaar bestelle. (Klik hjirre om 1 te besetten)

19.40

Open chat
1
Hallo, heb je een vraag of een opmerking?
We gaan snel reageren, misschien wel direct.
Druk op de knop en je kan een whatsapp bericht sturen. Let op we zijn geen computer.