Fryske Flitskaarten

Beschrijving

Fryske FlitskaartenBisto in entûsjaste learkrêft dy ’t Fryske les jout op in boeiende manier dan pasje dizze flitskaarten by dy.

Semko hat dizze Flitskaarten untwikkele mei as doel om de wurdskat fan de bern út te wreidzjen en harren te helpen by it lêzen fan nije Fryske wurdsjes.

Wêrom ynteraktive Flitskaarten? 

Flitskaarten stimulearje de belutsenens fan learlingen en meitsje it learen fan nije wurden leuk en ynteraktyf. Mei dizze fryske Flitskaarten kinne learlingen yn de klasse op boartlike wize yn de kunde komme mei it Frysk.

De kaarten stimulearje de nijsgjirrigens fan de learlingen en moedigje se oan om de wurdsjes te lêzen en de betsjutting te ûntdekken. Troch geregeld te oefenjen, sille de learlingen harren wurdskat yn it Frysk fergrutsje en harren taalfeardigens ferbetterje.

Dizze flitskaarten binne beskikber as digitaal downloadber bestân, sadat je se maklik ôfdrukke en klearmeitsje kinne foar gebrûk yn ‘e klasse.

De digitale ferzje biedt ek fleksibiliteit om se op elk winske momint te brûken, lykas it digboerd of tablet.

Ynhâld

  • Dizze download bestiet út 68 siden
  • 14 kategoryen
  • Bygelyks: In Frysk wurd begjint noait mei in V, mar altyd mei in F
  • Yn totaal hat dizze download 176 wurden
  • Der sit in koarte hantlieding by

 

Nei it oanskaffen krije jo in PDF tastjoerd, fia de mail. Print it dokumint en gean lyk oan de slach!

Beoordelingen

Er zijn nog geen beoordelingen.

Wees de eerste om “Fryske Flitskaarten” te beoordelen

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *

Fryske Flitskaarten

Bisto op syk nei edukatyf materiaal om de Fryske taal te stimulearjen en te learen? Dan binne dizze Fryske Flitskaarten in weardefolle oanfolling foar dyn klasse!

Makke en ûntwikkele troch taaleksperts fan Semko, biede dizze flitskaarten betroubere en kwalitative ynhâld om oan de slach te gean mei de Fryske taal foar dyn learlingen.

4.95

Open chat
1
Hallo, heb je een vraag of een opmerking?
We gaan snel reageren, misschien wel direct.
Druk op de knop en je kan een whatsapp bericht sturen. Let op we zijn geen computer.