
Freegje in Fries
Sykje jo om minsken dy’t in ferhaal fertelle kinne dat jo krekt fan pas komt by it tema dêr’t jo les oer jouwe? Ús ferhalefertellers komme graach nei jo skoalle ta. Hjirûnder sjogge jo ferskillende Friezen dy’t op ûnderwerp oardere binne. Jo kinne it formulier ynfolje op ‘e webside om in Fries oan te freegjen. De ferteller sil kontakt mei jo meitsje om in datum ôf te praten. Der binne gjin kosten oan ferbûn. In Fryske ferteller is ungefear in oere oant oardel oere oan it wurd. Yn oerlis kin ek oars besluten wurde. Wylst de ferteller syn of har ferhaal docht, is de learkrêft oanwêzich yn ‘e klasse.
Freegje in Fries is fergees
Polityk en maatskippij
- Johan Dijkstra (De Jouwer) is riedslid yn de gemeente de Fryske Marren. Hy sil fertelle oer de lokale polityk en hoe’t it wurket. Geskikt fan groep 5 ôf
- Jelske Galema–Harkema (Warkum) is wurksum op in asylsikersskoalle (skoalle foar nijkommers) yn Snits. Jelske sil fertelle oer de bern en wat se meimakke ha. Dêrneist komt it libben op it sintrum oan de oarder. Geskikt fan groep 5 ôf.
- Amarins van den Berg (De Jouwer) is adviseur online marketing bij ROC Friese Poort. Hja wit alles fan de sosjale media en is warber op Instagram en Tiktok. Hja kin fertelle oer de moaie, mar ek de tsjustere kant fan de sosjale media. Geskikt fan groep 5 ôf.
- Jan van Berkum (Snits) is in man dy’t bereizge is. Hy hat nei Noard-Korea west. Hy wol graach fertelle oer it lân en de kultuer. Hy hat foto’s en materiaal by him en syn doel is om bern nijsgjirrich nei it lân te meitsjen. Geskikt fan groep 6 ôf.
- Tamme Hoekstra (Surhústerfean) is in betûft ferhaleferteller en jout workshops oer keunst. Hy kin streekferhalen fertelle fan alle regio’s yn Fryslân. Tamme lêst him yn en hy fertelt. In oar ûnderwerp dêr’t Tamme oer fertelle kin is de Twadde Wrâldkriich. Under oaren oer syn heit, dy’t yn Dútslân oan it wurk steld waard. Geskikt fan groep 5 ôf.
- Ebel van Dijk (Haren) hat donor west. Hy hat syn nier weijûn. Dêrneist kin Ebel fertelle oer de twadde wrâldkriich. Geskikt fan groep 6 ôf.
Beroppen
- Geart Benedictus (De Jouwer) hat feedokter en earste keamerlid west. Geart sil fertelle oer syn wurk as feedokter en wat er allegear belibbe hat. Geart nimt attributen mei en wol graach fragen krije fan de bern. Geskikt fan groep 4 ôf.
- Edith Bakker (Tsjerkwert) is muzikant en spilet saksofoan. Yn Sweden is se ferneamd en spilet se yn de band Swedish saxophone quartet Rollin’ Phones. Hoe is it libben fan in muzikant. Edith kin der prachtich oer fertelle. Geskikt fan groep 4 ôf.
- Johannes Rozenga (op ‘e Westhoek yn it Bilt) hat elektrisien en ynstrumentaasjetechnikus west. Hy is no mei pensjoen en hy is mûnder op de Volharding fan Jislum en Ayvamole by Burchwert. Geskikt fan groep 5 ôf.
Ik wol graach in Fries oanfreegje
Wy sykje Fryske ferhalefertellers.
Klik op de plaat hjirûnder foar de fakatueretekst.

Recente reacties